Rêd akademyske stúdzje Frysk!

It soe in swiere klap wêze foar de Fryske taal as de universitêre stúdzje yn Grins ferdwine soe. Dêrom moat de polityk definityf in folsleine BA/MA-stúdzje Fryske taal en kultuer garandearje oan de RuG.

Rêd it Frysk

De stúdzje Frysk moat bliuwe, set in hântekening! Folje jo namme, email en it wenplak yn en druk op de oranje knop.

De studie Frysk moet blijven. Vul uw naam, achternaam en woonplaats in en druk op de oranje knop.

5,634 signatures

Diel dit mei jo freonen:

De stúdzje Fryske Taal en Kultuer sit yn swier waar. Troch de werstrukturearrings oan de RuG driget it Frysk yn de brede oplieding Europeeske Talen en Kultueren (ETC) noch mar 1 fte (dat is ien folsleine baan) oer te hâlden. Dat is fierstente min om in goede wittenskiplike oplieding garandearje te kinnen en om sichtber te bliuwen foar takomstige studinten. Yn dizze konstruksje sil de stúdzje net lang mear oerlibje en in stille dea stjerre.

It Frysk hat as twadde Rykstaal yn Nederlân bepaalde rjochten en dat jildt ek foar de universitêre stúdzje Frysk. De ôfspraken en ferdraggen dit oangeande kinne allinnich mar rjocht dien wurde as de stúdzje Frysk in selsstannige BA/MA-oplieding bliuwt mei genôch personiel om libbensfetber te wêzen. Sa net, dan sil ek in wichtige ympuls foar de Fryske taal en it Fryske kulturele libben ferdwine. Dat bestjut net allinne ferlies fan status (dy’t foar in minderheidstaal o sa belangryk is), mar ek dat der yn de takomst gjin wittenskippers, skriuwers, dosinten ensfh. mear ôflevere wurde.

Wy dogge der alles oan om de ein fan de  stúdzje foar te kommen, mar dat kinne wy net allinne. Wy sykje sa folle mooglik minsken dy’t harren stim hearre litte wolle en dêrom freegje wy: tekenje dizze petysje!

Helpe kin ek troch in koarte reaksje te jaan en / of twitterje hjiroer mei: #Frysk @Frisian_RuG

Jo kinne ek brieven stjoere nei it Kolleezje fan Bestjoer fan de RuG en nei de Steatssekretaris fan OCenW (foar foarbyldbrieven en adressen, klik hjir)

Klik hjir om de list mei minsken te sjen dy’t al tekene ha (Net alle hantekens binne te sjen, de server kin dat spitich genôch net oan)

Dizze organisaasjes stypje ús yn it gefjocht om de stúdzje Frysk te behâlden! Jo kinne ek stiper wurde fan de Ried fan de Fryske Beweging. Sjoch hjir foar mear ynformaasje.